SC Hearrenfean hurd ûnderút tsjin Vitesse

22 okt 2017 - 18:35

SC Hearrenfean is sneintemiddei tsjin in flinke thúsnederlaach oanrûn. Yn it Abe Lenstra stadion waard mei 4-0 ferlern fan Vitesse. It wie foar de Feansters alwer it tredde ferlies op rige. 

Striemin begjin

Trainer Jurgen Streppel hie gjin wiksels yn syn basisformaasje oanbrocht. Hy seach dat syn ploech striemin fuotballe yn de earste helte. Hearrenfean wie sleau yn de passing en kreëarre net in soad kânsen. Vitesse die dat wol. Nei goed in kertier fuotbal koe Lucas Woudenberg in foarset van Navarone Foor net goed ferwurkje. Rashica profitearre en makke de 1-0. Tsien minuten foar it skoft stie Hearrenfean achteryn wer te sliepen. Dizze kear koe Bryan Linssen de bal by de twadde peal achter keeper Martin Hansen tikje. 

Fjouwer minuten

Nei it skoft gie it nei fjouwer minuten alwer mis by Hearrenfean. Navarone Foor stie hielendal frij om de 3-0 te meitsjen. Dêrnei brocht Jurgen Streppel spits Henk Veerman yn de ploech om te sjen oft de Feansters dêrmei werom komme koene yn de wedstriid. Mear as in pear lytse kânsen smiet dat net op. It waard sels noch slimmer want út in frije traap koe spits Matavz de 4-0 meitsje foar de besikers út Arnhem. 

Hearrenfean stiet nei it ferlies op it sânde plak yn de earedifyzje mei 14 punten út 9 wedstriden. 

Trefwurden: 
SC Hearrenfean foutbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)