Twa Fryske finalisten by Alderein Sjongfestival

22 okt 2017 - 18:10

De heale finale fan it Alderein Sjongfestival yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean hat twa Fryske finalisten opsmiten. Wilma de Boer út Boarnburgum en Marianne de Rijke út Grou pleatsen har beiden foar de lanlike finale yn Amsterdam.

It Alderein Sjongfestival is bedoeld foar 55-plussers dy't graach sjonge, en harren talint ek foar in grutter publyk sjen litte wolle. Der diene 18 dielnimmers út hiel Noard-Nederlân mei oan de heale finale. Alle kandidaten krigen begelieding fan in fêst kombo fan piano, drums, basgitaar en saksofoan.

De grutte finale is op sneon 18 novimber yn it DeLaMar Theater yn Amsterdam. Tiisdei is yn Hea! in reportaazje oer de heale finale te sjen. Hea! is te sjen om 17.25 oere by Omrop Fryslân.


(Advertinsje)
(Advertinsje)