Deade hûn oantroffen op it Hearrenfean

Diere-ambulânse © ANP XTRA
Op It Hearrenfean is snein in deade hûn oantroffen. Twa jonge fiskers seagen by in brêge oan Ykema's Laantje in hûn lizzen dy't foar in part yn it wetter lei. De manlju skeakelen dêrom de plysje en de diere-ambulânse yn.
It gie om in swart-wite stabij fan ûngefear tsien jier. De hûn hie gjin ferwûningen. De plysje tinkt dat it bist der tusken sneon- en sneintemiddei dellein is. Yn de buert waarden ek noch in pear pûden oantroffen mei hûnehier. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe om harren te melden. Ek nei de eigener fan de hûn wurdt noch socht.