Blessuere foar Wim Stroetinga by EK baanhurdfytsen

22 okt 2017 - 16:44

Foar Wim Stroetinga is it EK hurdfytsen op de baan in dei earder ôfrûn as de bedoeling wie. De hurdfytser út Aldeberkeap gie sneon yn de training ûnderút. Foar kontrôle is hy nei it sikehûs yn Berlyn brocht. Dêr die bliken dat hy neat brutsen hie. 

Snein soe Stroetinga de koppelkoers ride mei Yoeri Havik. Mar doe't Stroetinga fan bêd ôf kaam, koe hy net goed stean op syn rjochterskonk: "Het valt relatief mee. Maar ik heb een bloeduitstorting op mijn rechterbovenbeen. Ik laat het voor de zekerheid in Nederland nog een keer checken in het ziekenhuis." De ferfanger fan Stroetinga op de koppelkoers is Roy Pieters. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)