VV Hearrenfean pakt earste oerwinning, SWS hurd ûnderút

22 okt 2017 - 15:52

Yn de haadklasse A fan it sneinsfuotbal hat VV Hearrenfean de earste oerwinning fan dit seizoen helle. Thús waard mei 2-1 wûn fan De Bataven. Ek Snits Wyt Swart kaam yn aksje. Yn en tsjin Silvolde giene de Snitsers mei 4-0 hurd ûnderút.

VV Hearrenfean

VV Hearrenfean begûn net goed oan de wedstriid. De earste kânsen wiene foar de besikers út Gendt. Sa moast keeper Justin van der Dam fan Hearrenfean rêdend optrede by in pegel fan Maatman. De Feansters kamen krekt foar it skoft ferrassend op in 1-0 foarsprong troch in goal fan Han van Dijk. Krekt nei it skoft makke Kevin Regts sels de 2-0. Lang koe Hearrenfean net genietsje fan de grutte foarsprong, want noch gjin minút letter wie it Maatman dy't mei de holle de 2-1 makke. De Bataven besochten dêrnei út alle macht om de lykmakker te meitsjen. De grutste kâns wie foar Demont, mar hy rekke fan fiif meter ôfstân de latte.

Snits Wyt Swart

Yn deselde haadklasse kaam Snits der net oan te pas tsjin Silvolde. Al nei 8 minuten makke Wout Blasman de 1-0. Silvolde drukte troch en fiif minuten letter wie it wer Blasman dy't de 2-0 makke. Snits besocht it dêrnei wol, krige ek in pear lytse kânskes, mar in lykmakker siet der net yn. Nei it skoft wie it Blasman dy't mei syn tredde doelpunt de spanning út de wedstriid helle. Römer makke der krekt foar tiid ek noch 4-0 fan.

Hearrenfean bliuwt lêste mei 5 punten út 7 wedstriden. Snits Wyt Swart stiet op plak 11 mei 9 punten út 7 wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)