Frou oanhâlden mei tefolle drank op achter stjoer

22 okt 2017 - 15:03
Autoride ûnder ynfloed

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein in frou oanhâlden op de Willem Lodewijkstraat yn de stêd. De frou hie tefolle drank hân en mocht net mear ride.

De 26-jierrige ynwenster fan Ljouwert hie mear as trije kear safolle alkohol yn har bloed as tastien is. Se moast har rydbewiis ynleverje en krige in proses-ferbaal. Ek moat de frou ferplicht in kursus folgje oer de gefolgen fan alkohol yn it ferkear.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)