Frou mishannelet en bedriget kondukteur

Minsken stappe yn de trein rjochting Grins op it stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In frou fan 49 jier út Frjentsjer is sneontejûn op it stasjon fan Ljouwert oanhâlden. Personiel fan Arriva hâlde de frou ûnder kontrôle nei't se in kondukteur bedrige en mishannele hie. De kondukteur hie har oansprutsen om't se sûnder in kaartsje yn de trein fan Snits nei Ljouwert siet. Doe't de plysje har oernaam, fersette se har bot. Se is meinaam foar neier ûndersyk.