Huitema: "Spitich, mar ien froulike VVDminister yn kabinet"

22 okt 2017 - 13:32

Europarlemintariër foar de VVD Jan Huitema fynt it spitich dat der mar ien froulike VVD-minister yn it nije kabinet sit. Dat sei er yn it radioprogramma Buro de Vries. Hy hie graach in bettere ferhâlding tusken it tal manlju en froulju sjoen yn Rutte3. Neffens him is it ek yn syn eigen partij dreech om froulju te finen dy't in ministerspost ambiearje. Ek it tal fertsjintwurdigers út it Noarden fan Nederlân is minimaal of neat. Dat fynt Huitema ek hiel spitich. Inkeld Fries om utens Halbe Zijlstra komt yn it nije kabinet, hy wurdt minister fan Bûtenlânske Saken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)