Ferlotting hûs Aldebiltsyl giet troch

22 okt 2017 - 13:08

De ferlotting fan in hûs yn Aldebiltsyl foar de fuotbalferiening VV Ouwe Syl giet definityf troch. Der binne no mear as 6.000 lotten ferkocht, mear as 75 persint fan it totaal. De aksje begûn yn maaie, dat wie nei oanlieding fan it fyftich-jierrich bestean. Op 11 novimber sil it winnende lot lutsen wurde. In lot kostet 98 euro.

Dielnimmers meitsje kâns op in hûs fan 200.000 euro, dat stiet oan De Kolk. Mei de opbringst wol de fuotbalferiening it ferâldere sportkompleks renovearje.

(advertinsje)
(advertinsje)