Koster fêst yn de lift; tsjerketsjinst begjint letter

De tsjerketsjinst yn de Krústsjerke yn Berltsum is sneintemoarn mei fertraging begûn, omdat de koster fêstsiet yn de lift. Dy soe mei in faas mei blommen fan ûnderen ôf nei de tsjerkeseal dy't in pear meter heger leit. Doe't sy healwei wie, ûntstie der lykwols in steuring en de lift woe net mear nei ûnderen of nei boppen. De brânwacht fan Menaam waard alarmearre. Dy hat de lift mei de hân nei ûnderen draaie kinnen. Mei help fan de liftkaai koe doe de doar iepene wurde en sa wie de koster nei ûngefear trije kertier wer frij.
De lift koe dêrnei lykwols net mear brûkt wurde. In âldere tsjerkegonger - dy't oars altyd mei de lift giet - is dêrom troch fjouwer manlju by de treppen fan de tsjerke op tild, sadat sy dochs de tsjinst bywenje koe.