Twa Friezen op list fan 'jonge 100' fan 2017

22 okt 2017 - 10:21

Autokoereur Nyck de Vries (22) en paralympysk swimster Liesette Bruinsma steane op de nominaasjelist foar de 'jonge 100' fan 2017. Op dy list steane de hûndert ynspirearjende jonge Nederlanners, dêr't in soad fan ferwachte wurdt, yn opnommen. De beide Friezen moatte it opnimme tsjin ûnder oare YouTubers Monica Geuze en Dylan Haegens, fuotballers Lieke Martens en Matthijs de Ligt en artysten as Boef en Ronnie Flex.

Der binne fjouwer ferskillende kategoryen: 'champions', 'creators', 'idols' en 'pioneers'. Oant sneintejûn 23.59 oere kin noch stimd wurde. Op it stuit hat Nyck 123 stimmen en Liesette 108.

(Advertinsje)
(Advertinsje)