Plysjes hindere en oanfallen by grutte fjochtpartij Koudum

By mienskipssintrum De Klink yn Koudum hawwe sneontenacht meardere fjochtpartijen west, nei ôfrin fan in muzykfeest dat dêr hâlden waard. Neffens in bestjoerslid ûntstie de fjochtpartij, doe't twa besikers noch nei binnen woene. Doe't dat net mocht, waarden de befeiligers oanfallen. Dêrnei waard de plysje warskôge, dy kaam mei ferskate auto's en plysjehûnen. Bûtendoar kearden de besikers har tsjin de plysjeminsken.
Yn liny
De plysjeminsken hawwe doe in liny foarme en sjarzjes útfierd. Ien fan de besikers fan De Klink foel flau en moast troch ambulânsepersoniel behannele wurde. Nei de fjochtpartijen hat de plysje fiif jonge manlju oanhâlden. Wilens de oanhâldingen waarden de plysjeminsken yn de rêch oanfallen en moasten sy op 'e nij de wapenstôk brûke. Ien fan de fertochten fernielde in rút fan de achterdoar fan in plysjeauto. De fiif fertochten sitte noch fêst en wurde heard.
Tagongsferbod
Neffens it bestjoerslid fan De Klink waard de opskuor feroarsake troch in groep fan ûngefear 25 minsken út de buert fan Starum. Sy soene wol faker foar oerlêst soargje. It bestjoer fan De Klink wol har in tagongsferbod oplizze. De oanhâlden mannen (20, 22 en 24 jier) komme út de gemeente Súdwest-Fryslân en twa komme út de gemeente De Fryske Marren (20 en 22 jier). Se sitte fêst en moatte noch heard wurde. Wat de oanlieding foar de fjochterij west hat, is net bekend.