Arjan Stroetinga hopet op plak massastart op Spelen

22 okt 2017 - 08:09

Op de Olympyske Spelen takom jier stiet foar it earst in miny-maraton fan sechtjin rûntsjes op it programma. Maratonreedriders hoopje op in kâns om mei te dwaan. Foar Arjan Stroetinga út Wynjewâld is it ien fan de lêste kânsen. Hy is 36 jier. "Op de fiif en tsien kilometer sit gewoanwei noch in flink gat nei Jorrit Bergsma en Sven Kramer," sei er tsjin de NOS. Op dy ôfstannen liket in ticket fertsjinje op it olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT) útsletten en dêrom hopet er op de massastart. Dêr hat it bûn in 'oanwiisplak' foar ynsteld. "It is oan my om sjen te litten dat ik yn goede foarm bin." As der in Alvestêdetocht komt, lit Stroetinga de Spelen lykwols lizze. "Dan gean ik nergens hinne, dan bliuw ik yn Fryslân."

Nederlân mei tsien manlju en tsien froulju nei it reedrydtoernoai yn Súd-Koreä stjoere en der binne sechtjin startplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)