Iensidich ûngelok by Haulerwyk; bestjoerder naait út

© Compact Media
By in iensidich ûngelok op de N979 tusken Haulerwyk en Zevenhuizen is sneontenacht by Een - West in bestelbus op de kop yn de sleat bedarre. Meardere helptsjinsten waarden alarmearre. Doe't dy by it plak oankamen wie de bestjoerder fuort. It is net dúdlik wat der bard is. Yn de bus leinen tal fan lege bierfleskes.
De swier skansearre bestelbus is burgen. De plysje hat it adres besocht fan de bestjoerder yn de provinsje Grinslân. Foar safier bekend wie der net ien thús.