Aris ferliest nei minne slotfaze fan Rotterdam

21 okt 2017 - 21:57

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn yn eigen hûs teloarstellend ferlern fan Rotterdam. It waard úteinlik 69-80, yn it foardiel fan de besikers. De twa teams hâlden inoar it grutste part fan de wedstriid yn it lykwicht. By rêst stie de ploech fan coach Tony van den Bosch op in 34-35 efterstân.

Benammen yn it lêste kwart fan de partij liet Aris it lizze. De besikers út Rotterdam koenen dêryn in flinke ôfstân nimme, dy't de Ljouwerters net mear goedmeitsje koenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)