Oranjefroulju folle better as Estlân, seis goals foar Kalma

21 okt 2017 - 18:24

De Oranjefroulju ûnder 19 hawwe sneontemiddei op De Harkema mei 12-1 wûn fan Estlân. Dêrmei binne de froulju pleatst foar de twadde ronde fan it kwalifikaasjetoernoai foar it Europeesk kampioenskip.

Utblinkster by Oranje wie Friezinne Fenna Kalma fan Haskerhoarne. Sy makke sneon yn totaal seis doelpunten foar it Nederlânske team.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)