Follybalsters VC Snits winne fan TalentTeam

21 okt 2017 - 18:07
De follybalsters fan Snits - Foto: Martin de Jong

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 (25-21, 17-25, 19-25, 23-25) wûn fan TalentTeam Papendal/Arnhem. De Snitsers moasten allinne de earste set ôfstean oan de tsjinstanners. Dêrnei wienen de follybalfroulju op dreef. De twadde en de tredde set gienen reedlik ienfâldich nei Snits.

De lêste set fan de wedstriid wie spannend, mar dy gie ek mei in minym ferskil nei VC Snits.

Trefwurden: 
VC Snits follybal TalentTeam
(Advertinsje)
(Advertinsje)