Team fan Blau Wyt '34 spilet mei Unicef op it boarst

21 okt 2017 - 18:01

In primeur op de Fryske fuotbalfjilden. It achtste fan fuotbalklup Blau Wyt '34 út Ljouwert spilet fan sneon ôf mei Unicef op it boarst. Gewoanwei stiet sponsor ING op it shirt fan Blau Wyt '34, mar de bank hat it plak beskikber steld oan Unicef. Ek it mienskiplik belutsen Dekker-Fonds docht mei oan de aksje. Blau Wyt 8 makket 250 euro oer oan Unicef en se betelje per doelpunt dat se meitsje fiif euro oan de helporganisaasje.

It team folget it foarbyld fan it grutte FC Barcelona dy't ek jierren mei Unicef op it shirt spile hat.

(advertinsje)
(advertinsje)