Ljouwerter (20) rint mei fjoerwapen troch de stêd

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat sneontemoarn betiid in 20-jierrige man út de stêd oanhâlden, om't er in fjoerwapen by him hie. Plysjes krigen in tip fan in foarbygonger dat der in man mei in wapen troch de stêd rûn. Oan de hân fan it sinjalemint koenen net folle letter trije manlju steande hâlden wurde.
Ien fan de manlju hie yndied in fjoerwapen by him. De plysje hat it wapen yn beslach naam en docht noch ûndersyk.