Romme nederlaach foar ONS Snits tsjin Quick Boys

21 okt 2017 - 16:59

Fuotbalklup ONS Snits hat sneontemiddei yn eigen hûs mei 4-1 ferlern fan Quick Boys. De ploech út Katwijk aan Zee kaam al gau op foarsprong troch goals fan Ricardo Kuijvenhoven en Reda Kharchouch. Nei rêst makke Michael Lanting de oanslutingstreffer foar ONS, mar inkelde minuten skoarde Joey Ravensbergen wer foar Quick Boys. Tsjin de ein fan de wedstriid besleat Kharchouch de wedstriid mei syn twadde doelpunt: 1-4.

Takom wike spilet ONS Snits wer in thúswedstriid, dan komt Jong Almere City FC op besite op it Sudersportpark.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal Quick Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)