"As ik oan dy sitte wol, dan doch ik dat"

De #metoo makket hiel wat los oer de hiele wrâld. Ek yn Fryslân komme de tweets foarby dêr't froulju en bytiden ek manlju oanjouwe mei seksuele yntimidaasje of sels seksueel geweld te krijen hawwe. 'MBO-learaar fan it Jier' Conrad Berghoef hifke de mieningen yn syn klasse op de Friese Poort yn Drachten. Hy skrok: "Ik denk dat zonder uitzondering alle meiden uit de klas wel op de één of andere manier te maken hebben gehad met sexuele intimidatie en, misschien ben ik naïef geweest, maar dat vind ik schokkend." Hy hat it dan net oer allinne oantaasting of slimmer ferkrêfting, mar benammen neifluitsjen of neiroppe op strjitte. Wat hy ek hiel slim fûn wie dat de famkes fertelden dat se op stap of op feestjes altyd wol yn harren kont knypt wurde, of in hân op in plak fiele dêr't se dy net hawwe wolle.
''Je voelt je bekeken''
In reaksje fan in jonge op it neifluitsjen wie dat hy dat as komplimint bedoelde. De fammen yn 'e klasse ûnderfine dat net sa. Dat neifluitsjen bart neffens harren net omdat se sa'n moai karakter hawwe, it giet om harren uterlik. "Je voelt je heel erg bekeken, niet fijn, je voelt je toch wat viezig ofzo", leit Lyndsey út. Manon werkent dat en realisearre har nei it petear yn 'e klasse dat it eins hiel frjemd is dat se it normaal fine.
"Als je het niet wil, duw hem aan de kant", wie ek in reaksje. Dat hat Lyndsey ris besocht. Mar dy jonge kaam doe hiel drigend foar har stean en sei: "Als ik aan jou wil zitten, dan doe ik dat." Lynsey skrok dêr enoarm fan en fielde har hiel lyts en yntimidearre. "Ik wou weglopen in de WC gaan zitten en huilen." Manon kin har hielendal foarstelle dat je in jonge net gau oan de kant triuwe. Jonges binne grutter en sterker as har, je witte net wat se dwaan sille. Se hie eins wol wat meilibjen mei de jongen dy' tocht dat dit in oplossing wêze kin.
In oplossing sjogge se yn de klasse fan Conrad net dalik. It is in maatskiplik barren. #metoo hellet it taboe der wat ôf en dat is al in foarútgong. Froulju moatte grinzen oanjaan, mar it begjint by it it byld dat manlju fan froulju hawwe. Lyndsey: "Het is mijn lichaam, het is niet van jou, zit er dan ook niet aan."
Harkje snein yn Buro de Vries nei de reportaazje mei Conrad, Lyndsey en Manon.