Winst foar Harkemase Boys tsjin DVS'33

21 okt 2017 - 16:25

Harkemase Boys hat sneontemiddei trije punten oerhâlden oan it duel mei DVS'33. Yn Ermelo wûn de ploech fan trainer Henk Herder mei 1-0 fan de gasthearen. Yn de njoggentjinde minút makke Jan Hooiveld it iennige doelpunt foar de Harkemasters. Tsjin de ein fan de wedstriid hienen de tsjinstanners noch wol kânsen op de lykmakker, mar de ferdigening fan Harkemase Boys bleau skerp.

Takom wike komme de Boys wer yn aksje, dan moatte se it thús opnimme tsjin de seleksje fan Jong FC Volendam.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal DVS'33
(advertinsje)