Harnzer EHBO hat grut ferlet fan nije frijwilligers

21 okt 2017 - 15:58

De Keninklike Nederlânske Feriening EHBO-ôfdieling yn Harns hat grut ferlet fan nije frijwilligers. Dat seit de foarsitter Joop van der Heide sneon. De Harnzer EHBO bestiet sneon 85 jier en dêrom organisearre de ôfdieling in helpferlieningsdei. Se hoopje dat dizze dei ekstra leden opsmyt. Mei in spesjale merk yn it Entrepot wienen der demonstraasjes fan ûnder mear de brânwacht, KNRM en fansels de EHBO. Ek de ambulânsesoarch wie oanwêzich.

De EHBO yn Harns is ekstra wiis mei de skinking fan tsien AED-apparaten. Dy wurde beskikber steld troch Diac Medical. De AED-apparaten komme op ferskate plakken yn de stêd te hingjen en binne foarearst fiif jier te brûken.

Trefwurden: 
EHBO Harns frijwilligers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)