Wynjewâldster rekket ferwûne by fal fan ljedder

21 okt 2017 - 14:53
Foto: De Vries Media

In man út Wynjewâld is sneontemiddei by in hûs oan de Opper Haudmare ferwûne rekke. De man wie op in ljedder dwaande mei snoeiwurk oan in beam. Troch in ûnbekende oarsaak foel hy nei ûnderen.

It ambulânsepersoniel hat him stablisearre, wêrnei't hy mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)