Sûnder stipers oerlibbet Sawn Stjerren Nijs it net

21 okt 2017 - 12:30

As der net gau stipers komme is it einde ferhaal foar de krante Sawn Stjerren Nijs. It is de hûs-oan-hûskrante yn de gemeente Ferwerderadiel en omkriten. Der binne op syn minst 500 stipers nedich dy't 15 euro oermeitsje. In oare opsje is mear advertearders. It jild moat binnen fjirtjin dagen binnen wêze. Slagget dat net dan giet de stekker derút.

Trefwurden: 
Sawn Stjerren Nijs krante
(Advertinsje)
(Advertinsje)