Terherne set yn op eigen fruitbeammen

21 okt 2017 - 12:22

Terherne krijt 50 fruitbeammen. De beammen komme op sân plakken yn it doarp te stean. It is in inisjatyf fan twa âld-bestjoersleden fan doarpsbelang, en de gemeente betellet it. De Terhernsters wolle graach âlde fruitrassen oanplantsje, it leafst âlde Fryske rassen. Se wolle parren, apels, prommen en kersen hawwe. It plantsjen en it ûnderhâld moat it doarp sels dwaan, mar de opbringst is ek foar de ynwenners. Dy kinne dêr chutny's of sider fan meitsje. De inisjatyfnimmers wolle graach dat skoalbern helpe mei de oanplant, dy moat yn novimber/desimber al plakfine.
 

Trefwurden: 
fruit Doarpsbeammen Terherne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)