Bloemen pakt rekôr ôf fan Sven Kramer

21 okt 2017 - 11:15
Sven Kramer - Foto: ANP

Sven Kramer is wer in rekôr kwytrekke oan Ted-Jan Bloemen. Yn Calgary ried Bloemen op de 10 kilometer in nij baanrekôr fan 12.46.83 en helle dêrmei hast fiif sekonden fan de tiid fan Sven Kramer ôf. Dat stie op 12.51.60. Dêrmei hat Bloemen syn fisitekaartsje ôfjûn yn dit Olympyske seizoen. Twa jier lyn rekke Kramer ek al syn wrâldrekôr op dizze ôfstân kwyt oan Bloemen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)