Wurkje yn de hjerstfakânsje: de positive kanten
It is dy tiid fan it jier dat ynienen elkenien it wer oer fakânsje hat. "Mar ik haw hielendal gjin fakânsje", hear ik dy tinken. En dat kloppet want lang net elkenien kin hjerstfakânsje opnimme dizze dagen! Mar hoe soargest der no foar dat it dizze wike dochs in bytsje fielt as fakânsje, wylst der gewoan wurke wurde moat.
It wurdt dochs min waar
Wêrom soene je überhaupt fakânsje hawwe wolle as it dochs min waar is? Dan kinst dochs allinnich mar binnen sitte en as dat it gefal is, dan kinst folle better oan it wurk wêze. Dan sitst achter it buro mei in bakje waarme poeiermolke, want dat hast wol fertsjinne.
Do wurdst stjonkend ryk
Dy fakânsjegongers binne fansels drok dwaande mei jild útjaan, as se dan weromkomme binne se hielendal blut! Mar do hast drok oan it wurk west en do hast dus jild fertsjinne. Dat is dochs in hiele moaie gedachte?
Kinst langer op bêd lizze
Om't no elkenien fakânsje hat, hoecht ek net elkenien op itselde momint nei it wurk ta, wêrtroch't der hielendal gjin drokte op 'e dyk is. Dus dan kinne je ek wol wat letter fan bêd ôf want der is dochs gjin file.
Gjin social media
Och och, wat geweldich: elkenien set foto's op Facebook mei allerhande ferhalen fan hoe moai se wol net fuort binne! No, dy foto's kinsto hielendal net sjen asto Facebook net oanrekkest dizze wike. Sterker noch, do silst merke datst ynienen folle mear tiid oer hast trochdatst net de folsleine tiid op Facebook sitst.
Gjin ferfeling
Dan hast fakânsje en dan hast gjin idee wat ast no eins dwaan moatst... No dy stress hast hielendal net want do moatst gewoan oan it wurk. Dus gjin nutteleaze mominten op 'e dei mar gewoan hurd trochwurkje.
No binne der ek minsken dy't dit lêze en wol hjerstfakânsje hawwe, dy minsken wolle wy dochs wol in noflike fakânsje tawinskje, al binne wy hielendal net jaloersk...
No binne der ek minsken dy't dit lêze en wol hjerstfakânsje hawwe, dy minsken wolle wy dochs wol in noflike fakânsje tawinskje, al binne wy hielendal net jaloersk...