"Wy krije dalik hinûnfreonlike aaien yn de winkel"

21 okt 2017 - 08:36

De Nederlânske merk wurdt ynkoarten oerstreamd mei hinûnfreonlike aaien út Oekraïne. Dêrfoar warskôget Hubert Andele fan Anevei, de feriening foar aaihannelers. De oarsaak sit him yn it tekoart oan aaien dat der no is. Dy wurdt feroarsake troch de it fipronil-skandaal. In soad fan de troffen boeren yn Nederlân kinne har stâl noch hieltyd net brûke om't se de giftige stof der net út krije. De prizen lizze dêrom sa heech dat de ymport út in lân as Oekraïne út kin.

De hinnen sitte dêr lykwols yn koaien dy't hjir al lang ferbean binne. Neffens Andela kinne dizze aaien dochs ymportearre wurde om't der in flater sit yn it hannelsferdrach. Ek op langere termyn smyt dit problemen op. De ymport drukt de prizen en dat hat letter wer konsekwinsjes foar de aaiboeren hjir, sa tinkt Andela.
 

Trefwurden: 
aaien plomfee Fipronil
(advertinsje)
(advertinsje)