Programmearring Noardlik Filmfestival is rûn

21 okt 2017 - 07:56

It Noordelijk Filmfestival hat de programmearring rûn. Der steane yn totaal 150 films op it programma. It Noordelijk Filmfestival rjochtet him op films út Noard-Europa: fan IIslân, Ierlân oant Skandinavië en de Baltyske steaten. Der binne ek in protte films út Nederlân en in fjouwertal dokumintêres yn gearwurking mei Omrop Fryslân. De iepeningsfilm op woansdei 8 novimber is de Noarske Oskar-ynstjoering 'Thelma' fan regisseur Joachim Trier. De films binne te sjen yn de filmsealen fan de Harmonie en by Slieker Film yn it Fries Museum. It Noordelijk Filmfestival duorret fan 8 oant en mei 12 novimber. De online kaartferkeap sil op tiisdei 31 oktober los fia www.noordelijkfilmfestival.nl.
 
 

Trefwurden: 
Noordelijk Filmfestival
(advertinsje)