Kollum: "De sjips yn Nij Seelân rekket op!"

"Foar minsken dy’t noch altyd miene dat it wol wat tafalt mei de opwaarming fan de ierde, haw ik nijs. Dizze wike is op in grouwélige wize ûnwjerlisber bewiis kaam dat we mei-elkoar yn in stadich opwaarmjende panne sitte. Dat is gefaarlik, want sjoch mar ris nei kikkerts. As je dy yn in panne mei siedend wetter smite, springe se der út. Mar as je se in panne mei kâld wetter sette en dy stadich opwaarmje, bliuwe se sitten oant se gear binne. No, dêr binne wy ek mei dwaande. It bewiis kaam út Nij Seelân.
Ik wit net wat jim lekker fine om te snacken, mar ik mei graach oer sjips. Leafst naturel, mei fan dy ribbels, witte jim wol? Mei in goede Ingelske krimi op de TV knage wy hjir by de De Jongkjes samar in pûde leech. Gjin inkel probleem. Ik haw ek in swak foar roastere pinda’s, brie op in toastje, drûge woarst, âlde tsiis, sûkeladepinda’s en fierder alles dat út in frituerpanne komt en goed fet is, mar dêr hawwe wy it no net oer. It is noch mar sneontemoarn en de lekkere ferliedings hoege ek net al te betiid op de dei oanpriizge te wurden.
Om dêr dochs noch wat oan ta te heakjen: Wy hawwe in hiele djoere skeal. Dy stiet op in plak dêr’t je der samar even op stappe kinne as je de lege flessen fuortbringe. Of it plestik dat as ferpakking fan al dy lekkere dingen tsjinne hat. Dy skeal bliuwt as nij, want ik rin der meast omhinne. Soms groetsje ik him even út namme fan in goekunde fan my. Syn namme: Menear Golesterol.
Mar der is hoop. En dy hoop hjit opwaarming fan de ierde. Ik sil it útlizze. Oan de oare kant fan de wrâld hawwe se krekt sa’n wiet jier hân as wy hjir yn septimber. De ierappels yn Nij Seelân kinne hast net fan it lân helle wurde, omdat se it op twa nei wietste jier yn de histoarje hawwe. Dêr binne je as ierappelboer fansels moai klear mei. Al dy skoandere ierappels dy’t foar jo eagen yn de grûn ferrotsje. Der is alarm slein, want der driget op dizze wize fansels in tekoart te ûntstean. De trekkers kinne op it Noardereilân de landerijen net yn om de fruchten fan it lân te heljen en der kinne ek noch gjin nije setters de grûn yn om de skea yn te heljen. De iene syn dea is de oare syn brea, op it Sudereilân wurkje se harren in slach yn de rûnte om de skea te beheinen. Mar dochs wurde lege planken yn de supermerken net útsluten. En op dy lege planken soe eins dy naturel ribbelsjips lizze moatte. Of de paprika, it is mar wat je leafst hawwe.
Dat is min nijs foar it bettere sjipssnacken by in spannende film of nei in ein rinnen, as je dy ferbrânde kaloryen der wer even fluch op in folslein natuerlike wize by knage wolle. Sjips wurdt no ienkear makke fan earpels. Se hawwe it yn Nij Seelân al oer de chipocalypse. Ik haw dêr net daliks in passende Fryske oersetting foar, mar ik begryp wol út it berjocht dat je oant de kryst konfrontearre wurde kinne mei lege plakken yn de winkels. Ik ha begrutsjen mei de minsken dêr. Fan dy flauwe skieppetsiis op in toastje is dochs behelpen as je op itselde momint oan fan dy lekkere sâlte ribbelsjips tinke. En it lûd by it opiten is ek net te fergelykjen. Sa’n lekkere droech kreakjende pûde sjips...
Ik krij der meast wol toarst fan, dus lekker wyntsje der by, of wat sterkers. Goed wykein."