Ferwûne by auto-ûngelok Beetstersweach

© Srfotografie
Twa auto's binne freedtejûn by Beetstersweach hurd mei-inoar yn botsing kaam. It ûngelok barde op de Beetsterwei yn it doarp. In automobilist dy't fan de sneldyk A7 kaam woe oerstekke, mar seach dêrby mooglik in oare auto oer de holle. Ien bestjoerder soe by it ûngelok ferwûne rekke wêze. Dêrnjonken binne ek de auto's fan de twa swier skansearre rekke.
De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.