Sportklup Cambuur spilet gelyk tsjin Almere City

20 okt 2017 - 21:54

SC Cambuur hat freedtejûn in punt oerhâlden oan de útwedstriid tsjin Almere City. De ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen kaam net fierder as 1-1.

De Ljouwerters kamen better út de startblokken, mei in kâns foar Xander Houtkoop. Ek dêrnei wie it Cambuur dat driigjend wie yn de syktocht nei de iepeningstreffer: Matthew Steenvoorden kopte krekt oer it doel en Issa Kallon slagge der ien-op-ien mei Almere-keeper Chiel Kramer net yn om te skoaren. Ferdigenjend hie Cambuur de saken goed op oarder en Almere kaam der net troch. Der waard net skoard, sadat beide ploegen by in 0-0 stân de klaaikeamer opsochten om te skoftsjen.

Yn de twadde helte krige Cambuur goede kânsen fia Martijn Barto, Kevin van Kippersluis en Alvin Daniels. De bal woe der lykwols net yn. Oan de oare kant krige Almere in frije traap, dy't tsjin de ferhâldingen yn yn it doel fan keeper Erik Cummins belâne. Cummins pakte de bal yn earste ynstânsje, mar Dennis van der Heijden skoarde yn de rebound. In minút kaam Cambuur op gelike hichte nei in poeier fan 25 meter ôfstân fan Daan Boerlage. De Ljouwerters ûntsnapten yn de blessueretiid noch oan in ferlies, nei't Achille Vaarnold op de peal skeat.

Cambuur stiet no op it sechstjinde plak yn de Jupiler League mei 10 punten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)