Iepenloftspullen yn it sintsje set by de Gouden Gurbes

20 okt 2017 - 21:33

De Oskars foar de iepenloftspullen, de Gouden Gurbes binne freedtejûn útrikt. Grutte winner wie it Iepenloftspul fan Jorwert, har 'It Bjusterbaarlike Foarfal mei de Hûn yn de Nacht' wûn de publykspriis foar bêste iepenloftspul en har haadrolspiler Bauke Haanstra waard keazen ta bêste haadrolspiler. De sjuery wie tige te sprekken oer hoe't hy de rol fan autistyske jonge delsette. De bêste foarstelling neffens de sjuery wie dy fan Snakkerbuorren mei 'In See fan Lan'.

De oare Gouden Gurbes giene nei 'It Kistke fan Sybrant Roorda' fan Spannum foar de bêste foarmjouwing. Hyltsje Smedes dy't yn it iepenloftspul fan Dronryp spile, krige de Gouden Gurbe foar de bêste byrol. De ekstra Gurbe gie nei Marius del Grosso, om't hy de jeugd entûsjast makket foar it toaniel.

De Gouden Gurbes wurde útrikt troch de Ljouwerter Krante. Alve jier lyn is de priis betocht troch de kultuer redaksje. De Gouden Gurbes ferwize nei Gurbe, it boerke dat yn de krante kommentaar joech op it nijs.

Ynformaasje oer de iepenloftspullen fan it ôfrûne jier is hjir te besjen.

Trefwurden: 
Gouden Gurbe Iepenloftspul
(Advertinsje)
(Advertinsje)