Oranjebeamke by Grutte Tsjerke is ferdwûn

© Ad Fahner
It Oranjebeamke, dat al jierren boppe de poarte fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert pronket, stiet al in skoftke net mear op syn plak. It keunstwurk is nei alle gedachten twa wiken lyn troch ien meinaam. It is net foar it earst dat der yn de stêd keunstwurken ferdwûn binne. Sa waard ferline wike ek de Oermoeder stellen, in brûnzen byld by sikehûs MCL.
Ad Fahner fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert rûn koartlyn by de tsjerke del, doe't him it ûntbrekken fan it Oranjebeamke opfoel. ''Bij de storm van twee weken geleden is het boompje losgeraakt. Ik dacht dat hij daarna misschien mee was genomen voor onderhoud, maar dat was niet zo. Het is te hopen dat het Oranjeboompje snel wordt gevonden, het is een beeldbepalend kunstwerk voor de stad.''
It keunstwurk by de Grutte Tsjerke stiet der al sûnt 1948. Yn dat jier waard it oanbrocht by de rekonstruksje fan de stedhâlderlike grêfromte, as earbetoan oan it 50-jierrich regear fan keninginne Wilhelmina. It Oranjebeamke is makke troch koperslagger Buikstra fan Wergea. Yn 2002 waard it beamke restaurearre.