Stroffelstiennen dellein foar Joadske Drachtsters

Gjin normale skoaldei foar learlingen fan it Drachtster Lyseum. Mei spesjale workshops en gastsprekkers fan ûnder oaren de Anne Frank Stichting, hawwe de learlingen freed stilstien by de Twadde Wrâldoarloch en by twa joadske skoalgenoaten dy't yn dy tiid om it libben kaam binne.
David en Simon Turksma sieten yn de Twadde Wrâldoarloch op it Drachtster Lyseum. Mar fan de ien op de oare dei kamen se net mear op skoalle. Se moasten fan de Dútsers nei in joadske skoalle, wêrnei't se letter fia kamp Westerbork de dea fûn ha yn Sobibor en Auschwitz. De jongerein dy't no op it Drachtster Lyseum sit, hat freed oan de hân fan in oarlochsresept iten klearmakke, in moadeshow rûn yn klean út de jierren 40 en harke nei ferhalen fan Amnesty International en Herinneringskamp Westerbork.
Trochjaan
Neffens dosint skiednis, Gerrit Zandbergen, is dit in goede wize om jongeren bewust te meitsjen oer wat der bard is yn de Twadde Wrâldoarloch en dit foaral troch te jaan oan harren takomstige bern en bernsbern. Sa sille de ferhalen oer minsken sa as David en Simon net ferjitten wurde en sil der hooplik nea wer soks barre. De skoalle krijt in soad positive reaksjes fan de bern. Se fine it foaral tige slim wat der earder bard is mei David en Simon, mar binne bliid dat der op in dei as hjoed op in spesjale en leuke manier omtinken is foar it ûnderwerp.
Stroffelstiennen
Neist de workshops en lessen, ha de jongeren yn gearwurking mei Smelne's Erfskip stroffelstiennen dellein foar de huzen fan trije famyljes út Drachten dy't omkaam binne, wêrûnder it hûs fan David en Simon. It Drachtster Lyseum hat ôfrûne jier de stiennen foar de beide jonges adoptearre. Der binne gjin neibesteanden mear fan David en Simon en om dy reden ha de learlingen de stiennen dellein.