"Rjochters moatte faker in taakstraf oplizze"

De Nederlânske wet ferbiedt rjochters soms om taakstraffen op te lizzen yn situaasjes wêryn't se dat wol wolle. Dat moat oars, seit de Ljouwerter advokaat Bart Canoy. In lytse tsien jier lyn hat de regearing besletten dat in taakstraf faak net swier genôch is. Ien dy't foar in bepaald delikt ienkear in taakstraf krigen hat, mei no in by in lyksoartich delikt net noch in kear in taakstraf krije. Rjochters hat it dêr dreech mei, seit Canoy.
Neffens Canoy sjogge rjochters in protte saken en omstannichheden wêryn't it better wêze soe om in taakstraf op te lizzen. Se fine sels trúkjes út om de beheiningen fan de wet hinne, seit er. "De tweede taakstraf mag wel samen met een gevangenisstraf worden opgelegd. Rechters geven dan een gevangenisstraf van één dag, als je die dag op het politiebureau bent geweest voor verhoor. Ze zoeken naar de mazen van de wet."
Canoy wol dat de wet sa feroaret, dat minsken aanst wer in taakstraf krije kinne as se earder ek al ien krigen ha. Dat moat dan allinne foar koarte taakstraffen jilde seit er, oant 240 oeren. "Ik zie in de praktijk dat een eerste taakstraf van zeer korte duur een tweede serieuze taakstraf in de weg staat. Ik zie het omgekeerde ook, dat een taakstraf van zeer korte duur niet meer kan worden opgelegd omdat er een eerdere taakstraf is opgelegd. Dit zijn serieuze omstandigheden waar een rechter vaak mee worstelt."