Streppel: “Vitesse is wat verder dan Heerenveen”

20 okt 2017 - 17:40

SC Hearrenfean-trainer Jurgen Streppel kin snein tsjin Vitesse oer in sa goed as fitte ploech beskikke. Allinne de al langer blessearren Arber Zeneli en Warner Hahn ûntbrekke. Hahn is wol op de wei werom. De keeper hat dizze wike wer meitraind mei de seleksje fan de Feansters. Tsjinstanner Vitesse is krekt wat fierder as Hearrenfean, fynt Streppel. “Vitesse kan goed voetballen. Het is een volwassen elftal dat goed positiespel speelt. Ze hebben een paar uitstekende spelers.”

Gjin strategywiziging

Op de ranglist stiet Vitesse twa plakjes heger as Hearrenfean. Dochs besjocht Streppel dizze wedstriid net as in ekstra wichtige: “Deze is niet anders of belangrijker dan vorige week tegen FC Utrecht of volgende week tegen AZ.” Dat Hearrenfean no twa wedstriden op rige ferlern hat, is foar Streppel gjin reden om fan syn strategy ôf te wiken. “We zullen gewoon ons eigen spel gaan spelen”, sa seit Streppel, dy’t ek bliid is dat Vitesse 4-3-3 spilet. Utrecht spile ferline wike 5-3-2. Streppel: “De speelwijze van Vitesse zijn we meer gewend dan die van Utrecht.”

Fertrouwen

Ferdigener Lucas Woudenberg sjocht de wedstriid tsjin Vitesse mei fertrouwen temjitte. “We draaien redelijk goed de laatste tijd. Er zit een stijgende lijn in.” Hy is op syn hoede foar de oanfallers fan Vitesse. It is ien fan de best skoarjende ploegen yn de earedifyzje. Woudenberg: “Het is een goede ploeg met redelijk wat ervaring. Ze hebben handige spelers voorin lopen.”

(Advertinsje)
(Advertinsje)