Ljouwert fol spuite mei leafde

20 okt 2017 - 17:23

Leafde, wat is dat dochs in moai wurd. Mar no is ús wat opfallen. Oer de hiele stêd Ljouwert dûkt it wurd leafde op in soad plakken op, mar wêrom? Wêrom is der allegearre leafde te finen yn Ljouwert? Wa ferspriedt dizze leafde troch Ljouwert? Wy witte it net, mar witsto it wol? Lit it ús dan witte fia: nijemedia@omropfryslan.nl. Genietsje yntusken fan in lytse greep út de leafde yn Ljouwert.

Trefwurden: 
leafde Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)