Feanster earepinning foar Jacobus de Vries

20 okt 2017 - 20:01

Jacobus de Vries hat freedtejûn op It Hearrenfean in gemeentlike earepinning krigen. Yn kafee It Houtsje krige er de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Tjeerd van der Zwan. Oanlieding is de jierrenlange ynset fan De Vries foar it skûtsjesilen. Al yn 1994 kaam er yn it bestjoer fan de Stichting Feanster skûtsje, dêr't er op it stuit foarsitter fan is. Yn it ferline wie Jacobus de Vries ek in skoft skûtsjesiler, en wedstriidlieder fan de jierlikse SKS-wedstriden by Terherne.

Trefwurden: 
pinning Jacobus de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)