Dokumintêrefilm oer frijheidsstrider Bauck van Hemmema

© Bauck!
Der komt in dokumintêrefilm oer de Fryske frijheidsstrider Bauck van Hemmema. Makker Janko Krist giet oan de slach mei de film BAUCK!, dy't oan de ein fan takom jier klear wêze moat. De film is in spin-off fan BAUCK!, it teäterstik fan Sybe Joostema yn it Hemmemapark yn Berltsum. Op dy foarstelling kamen oant no ta al tûzenen taskôgers ôf. De dokumintêrefilm sil ek by Omrop Fryslân te sjen wêze.
Filmmakker Janko Krist, ek bekend fan de tv-programma's 'Hea!' en 'Jan rijdt rond', sil op syk nei ferskillende filmlokaasjes mei midsiuwske útstrieling. Wêr mooglik binne dat plakken dêr't Bauck's heroyske en tagelyk hektyske libben him ôfspile. Krist: "It is in útdaagjende foarm dêr't ik as dokumintêremakker yn de skiednis fan Bauck dûke wol en eins yn har tiid sjen wol".