Tûzenen euro's foar Fryske kultuer en natuer

20 okt 2017 - 16:05
Foto: Google Streetview

27 Fryske kultuer- en natuerprojekten hawwe mei-inoar 56.000 euro subsydzje krigen fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. De stifting Keunstwurk krige bygelyks jild foar de Talentenwerkplaats, wêrby't jongeren coacht wurde op it mêd fan ûnder oare it komponearjen fan muzyk en it skriuwen fan songteksten. En de Friese Milieu Federatie krige jild foar it projekt Brug, Brêge, Bridge, wêrby't amateur- en profesjonele keunst te sjen is ûnder sa'n tachtich brêgen yn de provinsje. It Prins Bernhard Cultuur Fonds Fryslân dielt fjouwer kear yn it jier jild út. Dit wie de tredde ronde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)