Kroechbaas Grou frijsprutsen fan mishanneling

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In kroechbaas út Grou is troch de rjochter frijsprutsen fan mishanneling. De man moast foarkomme, omdat er by in rûzje yn it kafee in man by de nekke pakt hie. Hy soe him ek in klap ferkocht ha. In oare man soe er by de kiel pakt ha. Mar op de sitting die bliken dat der kwealik bewiis wie en dat de ferklearringen fan tsjûgen te bot fan elkoar ferskilden. De rjochter hat de kroechbaas dêrom frijsprutsen.