Wüst giet foar trije gouden medaljes by Olympyske Spelen

Ireen Wüst giet dit seizoen foar trije gouden medaljes op de Olympyske Spelen. Dat sei se freedtemiddei by de parsepresintaasje fan har team Justlease.nl. Wüst helle fjouwer jier lyn twa gouden en trije sulveren medaljes op de Spelen yn Sotsji. "Maar ik denk dat ik dat nog kan verbeteren. Dat is lastig genoeg, maar ik voel me goed. Deze zomer heeft laten zien dat ik me nog steeds aan het verbeteren ben."
Wüst konsintrearret har op trije ôfstannen: de 1.500, de 3.000 meter en de ploege-efterfolging. "De 1.000 en de 5.000 meter zijn afstanden waar ik ook zeker een medaille op kan halen, maar deze drie liggen mij het beste."
Antoinette de Jong
Foar reedrydster Antoinette de Jong wurde it de twadde Olympyske Spelen, as se meidocht. De Jong wie 18 jier doe't se yn Sotsji sânde waard op de 3000 meter. "Dat moat better, mar dat slagget ek wol.''
Op de 3.000 en 5.000 meter helle se ferline seizoen brûnzen medaljes. "En dus kin it ek op de Spelen. Al witte je nea hoe goed as oaren aanst binne. Ik fiel my yn elts gefal hiel goed. Ik ha dizze simmer wat rekôrs riden. It seizoen mei foar my wol begjinne. Ik fiel my super."