"CMS hat personiel al twa moannen net betelle"

20 okt 2017 - 15:23
Jild - Foto: ANP XTRA

It konstruksjebedriuw CMS yn Ljouwert hat syn 25 meiwurkers al twa moanne net útbetelle. Dat seit it fakbûn FNV. In tal bedriuwen hat it fallisemint oanfrege foar it bedriuw, mar de rjochter hat dat noch net útsprutsen. Dat soe wêze omdat CMS yn de problemen rekke is troch it wurkjen mei straalgrit dêr't asbest yn sit. Mar neffens de FNV is dat net sa. It personiel waard al net útbetelle foardat dat oan it ljocht kaam. It fakbûn tinkt dat it bedriuw yn de jildsoargen sit en dat der mooglik sprake is fan finansjeel wanbelied.

Yn in brief oan it UWV freget it fakbûn om de wurknimmers fan it Ljouwerter bedriuw in foarskot te jaan. Mar de útkearingsynstânsje ferskûlet him neffens it fakbûn efter de direksje fan CMS. Takom moandei sille wurknimmers fan CMS en it FNV mei-inoar om tafel om oer de situaasje te oerlizzen.

Trefwurden: 
CMS FNV wurk
(advertinsje)
(advertinsje)