"Minder fleis ite? Wy krije hjoed spagetty mei gehak"

20 okt 2017 - 15:08

De lêste jierren wurdt der yn Nederlân hieltyd minder fleis iten. Mar oan dy delgong fan de fleiskonsumpsje liket no in ein te kommen. Dat docht alteast bliken út sifers fan it LEI (Lânbou Ekonomysk Instituut), dy't 'Wakker Dier' freed publisearre. Op de Ljouwerter freedsmerk is fleis noch bot populêr, sa die bliken. "Ik moat myn stikje fleis eins alle dagen wol ha". In pensjonearre slachter wiisde nochris op de 'voedingswaarde' en de aaiwiten. Der binne lykwols ek minsken by wa't it iten fan fleis in seker skuldgefoel opropt. "Stoppen met vlees eten is wel de snelste manier om ècht iets voor het milieu te doen. Maar ja, ik heb er 5 jaar over gedaan om te stoppen met roken, dit zal ook wel even duren..." Oaren wiisden op fleisferfangers as peulfruchten en falafel. Mar de measten sette jûn wer in 'gewoan' fleisprodukt op tafel: "Spagetty mei gehak èn in woarstje. Lekker!"

Trefwurden: 
freedsmerk Opiny
(Advertinsje)
(Advertinsje)