Stilsteande auto soarget foar fertragingen Ofslútdyk

20 okt 2017 - 14:55
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It ferkear op de Ofslútdyk moast freed oan it begjin fan de middei rekken hâlde mei fertragingen troch in stilsteande auto by de draaibrêge fan Koarnwertersân. It giet om de brêge dêr't it ferkear út de rjochting Noard-Hollân gebrûk fan makket. Troch de stilsteande auto koe der in file fan sa'n 4 kilometer ûnstean. Krekt nei trije oere middeis koe it ferkear stadichoan wer oer de brêge.

Trefwurden: 
Ofslútdyk brêge steuring A7 file
(Advertinsje)
(Advertinsje)