Syktocht nei fersoarger op fjouwer poaten

Bring in hûn yn kontakt mei in deminte âldere en de kâns is grut dat dy âldere in pear prachtige mominten hat. Dat hat de praktyk ûndertusken bewiisd. By soarchgroep Meriant wurdt dêrom bot ynset op it projekt Stabij Huisdierenbezoek. Mar fansels binne net alle hûnen geskikt foar dit kontakt mei âlderen. Tongersdei wie der dêrom in testdei by de fêstiging fan Meriant yn Wolvegea. Mar leafst 16 hûnen moasten dêr in test dwaan om te sjen oft sy goed genôch binne om mei te dwaan oan de spesifike trainingen.

​Marion Kuil is ien fan de minsken dy't mei har hûntsjes nei de test kaam is. "Het lijkt me zo leuk om met de honden iets voor een ander te betekenen," sa seit se. "De honden moesten bepaalde geluiden negeren, ze moesten rustig blijven als er iemand langs kwam lopen met een rollator of een wandelstok. Ook moesten ze proberen om niet de koekjes uit de hand van de oudere te eten." It is noch ôfwachtsjen oft de hûntsjes fan Kuil ek meidwaan meie oan it projekt. Tera Kuiper mei de bisten beoardiele, en de hûnen hawwe yndruk makke: "deze honden zijn heel erg aan elkaar gewend, een van beide houdt er ook heel erg van om geaaid te worden, terwijl de ander liever even rond wil kijken. Dus beide honden zijn wel geschikt voor dit werk."

​Meriant is wiis mei it tal oanmeldingen foar de testdei, benammen om't der in soad ferlet is fan de hûnen.