Duo krijt seis jier sel foar brute wenningoerfal De Lemmer

20 okt 2017 - 14:26
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

De rjochtbank yn Ljouwert hat hjoed in 20-jierrige Lemster en in 24-jierrige ynwenner fan Emmeloord feroardiele ta seis jier sel foar in gewelddiedige oerfal. De twa manlju gongen op 15 april 2015 in wenning binnen oan de Intang op De Lemmer en mishannelen de bewenner. It slachtoffer waard ûnder oare tsjin 'e holle skopt en hat dêr noch altyd lêst fan. De dieders naaiden út mei jild en in samling âlde sulveren en gouden munten. Neist de selstraf moatte de oerfallers 6500 euro smertejild betelje en goed 2000 euro oan kosten fergoedzje dy't it slachtoffer meitsje moast.

(advertinsje)
(advertinsje)