Baskyske misdiedskriuwer nei Ljouwert te wenjen

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De Baskyske skriuwer Eneko Aizpurua Urteaga komt foar acht wiken yn Ljouwert te wenjen, om hjir te wurkjen oan syn nije misdiedroman. Eneko hat oant no ta trije boeken útbrocht, en sil no meidwaan oan it projekt Oare Wurden. Yn dit projekt krije skriuwers dy't yn in minderheidstaal skriuwe de kâns om koarte tiid yn in oare regio te wenjen, en om dêr ynspiraasje op te dwaan, en in netwurk op te bouwen. Snein 22 oktober is Eneko oanwêzich by de Baskyske literêre middei yn Húskeamerteater De Wier yn Koarnjum. Hjir sil er ek yntrodusearre wurde.

Der dogge fiif taalgebieten mei oan Other Words, in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen: Baskelân, Ierlân, Slovenië, Masedoanië en Fryslân. Op dit stuit is de Fryske skriuwer Hein Jaap Hilarides yn Maribor, Slovenië. Hy wurket dêr oan in histoaryske roman. Ofrûne simmer wie skriuwer en sjoernalist Gerard de Jong acht wiken yn Baskelân.